Myn wapen
Tema
ynterkulturele kommunikaasje
Doelen
* bewustwurding: hoe kom ik oer
* dysels presintearje kinne
Doer
15 - 30 min.
Tarieding
* it ûndersteande wapen útprintsje en foar elkenien in kopy meitsje
* tekenguod sammelje
Aktviteit
De spullieder jout elkenien in fel papier mei de omtrek fan in wapen dêrop. Hy leit it doel fan it spul út: elk tinkt nei oer wat er foar persoan is en hoe't er him op in persoanlike en minder gebrûklike manier oan de oaren presintearje wol. Hy seit dat alles mei en dat it belangryk is dat elkenien de oaren de kâns jout om harsels te presintearjen.
De spullieder leit koart út hoe't it yn syn wurken giet: elk follet it wapen yn op syn manier en brûkt dêrby de folgjende saken:
* in achtergrûn, patroan, ding dat by dy past
* in bist (echt of fantasy) dat by dy past;
* in devys of motto (wurd of sintsje dat by dy past)
Yn it wapen drukst út wa'tsto bist en wat dingen binne dy't dy leuk lykje om mei in VoLANGteers-maatsje te dwaan.
De dielnimmers krije in kertier om harren wapen te meitsjen. Dêrnei kin elk syn wapen oan de oaren presintearje. Sy kinne fragen stelle. De spullieder soarget derfoar dat elkenien harket en wiist op saken dy't kultureel nijsgjirrich binne.
Fariant
As de groep grut is, kin men de dielnimmers ek yn twatallen in wapen meitsje litte.
Gebaseerd op 'Mon blason', ontwikkeld door en aangepast met toestemming van DAFCO de Nancy-Metz.





